Bernedebat yn Ljouwert

12 maaie 2006 - 10:54

De learlingen fan sân basisskoallen ha yn it stedhûs yn Ljouwert striden om in cheque fan 5000 euro. Dat is de priis foar it winnen fan de Berneried 2006. Learlingen út de groepen 7 en 8 debatearren dêr oer de ideeën dy't sy hiene foar it útjaan fan dat jild.

De bern kamen mei in soad ideeën. It debat waard wûn troch de Wilhelminaskoalle. Yn de boarterstún by de skoalle wurdt ynkoarten in trampoline oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)