Bernebuorkerijen moatte ticht

02 mrt 2001 - 00:00

Alle 500 bernebuorkerijen yn Nederlân moatte ticht. Dat advisearret it ministearje fan Lânbou út foarsoarch fan de fersprieding fan de sykte tongblier.

Op Doniastate yn Stiens komt it wurk fan fyftich handikapten troch it beslút yn gefaar. De projektlieder hâldt de doar fan de bernebuorkerij wol ticht foar it publyk, mar net foar de handikapten. De dong wurdt lykwols net mear ôffierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)