Berneboekewike fierd mei bal

19 maaie 2004 - 00:00

It 50ste jubileum fan de berneboekewike wurdt 9 oktober yn Ljouwert fierd mei in berneboekebal. It tema fan de gouden berneboekewike is muzyk. It feest wurdt organisearre troch de SLAL, in tal biblioteken, Parnas en De Harmonie.

Foar bern fan 8 jier en âlder binne der tal fan aktiviteiten yn de stedsskouboarch. Jûns is de musical De Zevensprong nei it boek fan Tonke Dragt. Fryske en Nederlânske skriuwers wurde noch oan it program tafoege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)