Berneboekewike fan start

01 okt 2014 - 11:27

De berneboekewike is woansdei begûn. Op basisskoalle De Bôge op De Himrik ha beppes de bern foarlêzen. De berneboekewike bestiet dit jier 60 jier. It tema dit jier is dêrom ek feest. Troch de komst fan kompjûterspultsjes en mobyltsjes lêze bern hieltyd minder. De berneboekewike wol mei aktiviteiten it lêzen stimulearje.

Oant en mei 12 oktober binne der tal fan aktiviteiten yn Fryslân. Op dy lêste dei is yn it Kameleondoarp yn Terherne in berneboekedei mei ûnder oare sirkus, muzyk en in teaterfoarstellling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)