Berneboek oer skilder Lawrence Alma Tadema yn de maak

14 jan 2016 - 22:47
  • 'Entrance to the Roman Theatre' (1866)

Skriuwster en keunsthistoarika Lida Dijkstra hat in berneboek skreaun oer de suksesfolle Fryske skilder 'Sir' Lawrence Alma Tadema. It boek hjit 'Wenje yn in skilderij' en ferskynt de kommende hjerst as yn it Fries Museum de grutte oersjochtentoanstelling te sjen is mei wurk fan Alma Tadema.

Skilder Alma Tadema hie in bysûnder libben; de notarissoan út Dronryp makke karriêre as keunstskilder yn Londen en hie boppedat in pear keunstsinnige bern, dy't gauris foar him posearden. In moai ûnderwerp foar in berneboek, fynt skriuwster Lida Dijkstra.

Njonken it ferhaal fan de famylje Tadema jout it boek ek ynformaasje oer keunstskiednis en saken as kleurgebrûk en perspektyf.

Mei help fan it ryk yllustrearre berneboek fan Dijkstra hopet it Fries Museum ek it ûnderwiis te ynteressearjen foar de grutte eksposysje oer Alma Tadema. Dy eksposysje begjint op 1 oktober. It berneboek ferskynt yn earste ynstânsje yn it Frysk en it Nederlânsk. Der wurdt noch ûndersocht oft der letter ek noch in Ingelske edysje komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)