Berneboek oer pedoseksualiteit yn fjouwer talen

19 des 2015 - 11:02

Xavière Kolk fan Ljouwert hat in berneboek skreaun oer in lyts bearke dat fan in grutte bear tefolle en te grutte knuffels krijt. It printeboek 'Over grote beren en knuffels' behannelet in beladen ûnderwerp: seksueel misbrûk. It is as in fjouwertalich printeboek útjûn: yn it Nederlânsk, it Frysk, it Biltsks en it Stellingwerfsk.

Kolk fûn dit wichtich krekt omdat it sa’n beladen ûnderwerp is; de eigen memmetaal fielt it meast fertroud, en is derom it meast geskikt om sa’n ûnderwerp te bepraten.

It boek biedt gjin oplossing, mar Kolk hopet wol dat mei it ferskinen fan dit boek it ûnderwerp better besprekber wurdt. Se hat it skreaun nei't se sels yn har eigen gesin te meitsjen krige mei pedoseksualiteit. Yn it radioprogramma Buro de Vries fertelt se snein har ferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)