Berne-opfang yn pleats mei net

30 jun 2009 - 14:50

Eigendraads Zorgboerderijen moat ophâlde mei syn berneopfang yn Wynjewâld. It giet hjir benammen om wykeinopfang. Buorlju ha klage oer oerlêst. De gemeente Opsterlân moat hanthavenje en docht dat no ek. De wenning oan de Jan Hofswyk yn it bûtengebiet fan Weinterp wurdt brûkt as soarchbuorkerij en dat stiet it jildende bestimmingsplan net ta.

Foar 1 maaie 2010 moat de opfang ticht oars folget in twangsom fan 5.000 euro yn 'e wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)