Berne-opfang Timpaan wurdt troch twa kollega's oernommen

23 des 2015 - 12:55

De fallite berne-opfang Timpaan mei 40 lokaasjes makket in trochstart. Dat hat it bedriuw woansdei bekend makke. De Fryske fêstigings wurde oernaam troch Kinderopvang Kinderwoud, dy yn Grinslân troch KaKa Kinderopvang. Dat betsjut dat de opfang fan de bern gewoan trochgean kin, ek sil it grutste diel fan de 150 personielsleden syn wurk hâlde.

Neffens Timpaan leit de oarsaak fan it fallisemint yn it weromrinnen fan it tal bern dat opfongen wurdt, de legere berne-opfangtaslach is dêr mei de oarsaak fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)