Berne-opfang ticht nei brân

28 jun 2011 - 11:04

Bernedeisintrum Het Bijenhuis yn Drachten is tiisdei ticht. Alle 30 bern dy't dêr opfongen wurde binne frij. Moandeitermiddei hat der brân west yn it bernedeisintrum fan Talant.

De meiwurkers binne tiisdei dwaande om op te rêden en skjin te meitsjen. De brân hat benammen skea oanbrocht by de kantoaren, de sporthal en it swimbad. De plakken dêr't de groepen sitte ha gjin bliuwende skea. Woansdei is Het Bijenhuis wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)