Berne-opfang tenei ek thús

11 maaie 2003 - 00:00

Alden yn Noardeast-Fryslân kinne tenei ek thús berne-opfang krije fan de stifting Kinderopvang. De bern moatte no noch fuortbrocht wurde. De stifting is aktyf yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Ferwerderadiel.

Minsken nimme de oppas sels yn tsjinst, mar de stifting soarget foar seleksje, bemiddeling en administrative help. Echt goedkeap is it net en dêrom sille minsken mei in leech ynkommen der net gau gebrûk fan meitsje, sa wurdt tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)