Berne-opfang Snits moat ticht

20 nov 2006 - 17:36

Berne-opfang de Kindertuyn yn Snits moat 1 desimber ticht, as der neat dien wurdt oan de misstannen. Neffens de gemeente is ûndúdlik wa't de fergunning hat. Yn in rapport fan de GGD skoart de opfang min.

Neffens de eigner kloppet de ynformaasje fan de GGD net. De opfang is foar in part opknapt en foldocht oan de easken fan de arbeidsynspeksje. De eigner hat by de gemeente beswier oantekene tsjin de oankundige sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)