Berne-opfang gelyk ticht

04 jan 2013 - 09:51
  • Berne-opfang Fleurtje Belle Fleur
  • Fleurtje Belle Fleur

Bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean is fuortendaliks sletten troch de gemeente Hearrenfean. Reden is dat de eigneresse, dy't dêr ek as liedster wurket, te rûch mei de bern omsprong. De frou raasde tsjin de bern en brûkte groffe taal.

Ek waarden bern wol bûtendoar set as se har net goed gedroegen. Fierder foldie it bernedeiferbliuw net oan de wetlike easken. Yn it belang fan sûnens en feiligens fan de bern hat de gemeente besletten Fleurtje Belle Fleur fuortendaliks te sluten.

De âlden fan de bern binne op de hichte brocht en binne útnoege foar in besletten ynformaasjebyienkomst. De sluting is in foarriedige maatregel. De gemeente beslút letter oer de definitive takomst fan it bernedeiferbliuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)