Berne-iepenloftspul útferkocht

09 jun 2001 - 00:00

It berne-iepenloftspul yn Easterwierrum is hielendal útferkocht. Foar de alfde edysje fan it iepenloftspul wienen alle kaarten op de earste foarferkeapjûn ferkocht. De premiêre is takom freed.

Mei elkoar sille 5000 taskôgers it stik Sake en it suertsjefabryk, in bewurking fan Roald Dahl, sjen kinne. Under har binne 2000 skoalbern en 2800 folwoeksenen. It stik wurdt seis kear opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)