Berne-iepenloftspul 20 jier

01 maaie 2010 - 16:05

It berne-iepenlofspul út Easterwierrum hat sneon syn 20-jierrich jubileum fierd. Goed hûndert bern út de hiele provinsje ha meidien oan in spesjale teatermiddei. Der wiene ferskate workshops dêr't de bern oan meidwaan koene.

It berne-iepenloftspul is ûntstien as ekstra aktiviteit njonken it bekende iepenloftspul fan Jorwert. Yn juny spylje de toanielspilers fan it berne-iepenloftspul de foarstelling Peter Pan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)