Berndsen wol himptylt regelje

20 nov 2013 - 10:06
  • Twadde Keamerlid Magda Berndsen (D66)

D66-Keamerlid Magda Berndsen fan Burdaard is dwaande mei in wetsfoarstel foar regulearre weedtylt. 'It regeljen fan dy tylt is de iennichste wize om de sûnensrisiko's fan gebrûkers te beheinen en de organisearre kriminaliteit in slach ta te bringen', seit Berndsen. Neffens de âld-plysjekommissaris is de plysje no tefolle tiid kwyt oan de striid tsjin yllegale plantaazjes.

Ferskate gemeenten, wêrûnder Ljouwert en Smellingerlân, hawwe it Ryk al om tastimming frege foar in legale himpplantaazje. Minister Opstelten fan justysje is net foar.

Neffens Berndsen binne 26 fan de 38 grutte gemeenten yn Nederlân foar it regeljen fan de weedtylt. It idee is om kofjeshophâlders de romte te jaan om sels har eigen himp te ferbouwen ûnder tafersjoch fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)