Berndsen no 3e op list D66

07 apr 2010 - 13:58

De Fryske korpssjef Magda_Berndsen is in plak sakke op de kandidatelist fan D66 foar de Twadde Keamerferkiezings. Berndsen stie op it twadde plak, mar is no tredde op de list.

De ferskowing komt trochdat de leden fan D66 it sittende keamerlid Boris van der Ham heger op de list ha woene. Hy stiet no twadde, achter listlûker Alexander Pechtold. Ald-sjoernaallêzer Pia Dijkstra is ek heger op de list kaam. Sy stie sechtjinde en is no trettjinde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)