Bern yn riedseal fan Opsterlân

01 okt 2003 - 00:00

Bern yn Opsterlân moatte waarm wurde foar de polityk. Dêrom sieten bern út groep 7 en 8 fan basisskoalle De Wjukslach út Langsweagen woansdei yn de bankjes fan de ried yn Beetstersweach.

Yn in sabeare ried praten de learlingen oer in tal ideeën. Se moasten mei elkoar yn diskusje om't net alle plannen fanwegen jildkrapte trochgean koenen. Boargemaster Heldoorn liende syn amtskeatling en hammer út oan de tydlike boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)