'Bern yn gefaar by XTC-lab'

04 aug 2003 - 00:00

Plysje en justysje ha yn juny 2002 bewust de libbens fan goed 20 skoalbern yn gefaar brocht, troch in XTC-lab yn Rûgehuzen net fuort op te rôljen. Dat seit de advokaat fan ien fan de fiif fertochten yn de saak.

It heger berop fan de fiif tsjinne moandei foar it hôf yn Ljouwert. Neist it lab wie in pleats dêr't by de ynfal skoalbern wienen. De plysje wist al in tiid fan it lab ôf mar woe pas yngripe op it stuit dat der XTC makke waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)