Bern yn auto's faak net feilich

06 feb 2001 - 12:14

Alden dy't harren bern yn 'e auto ferfiere, hâlde te min rekken mei de feiligens. Dat wie foar de plysje Harns reden om moandei út ein te setten mei in kontrole-aksje. Dat barde op 'e Achlumerdyk yn 'e havenstêd.

Twa wike lang stean de plysjes by skoallen en pjutteboartersplakken. De earste tiid diele se ynformaasjefolders út, dêrnei wurde it bekeurings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)