Bern yn aksje foar skoalplein

15 sep 2009 - 16:37
  • In skansearre boarterstastel op it plein fan de Twa Fisken

Om't it skoalplein fan basisskoalle De Twa Fisken yn Grou sa fertutearze is en de gemeente Boarnsterhim gjin jild hat, komme de bern fan de skoalle sels yn aksje. Mei in grutte sponsoraksje besykje se 15.000 euro op te heljen om boarterstastellen oan te skaffen. Dat sille se dwaan troch ûnder oare in sponsorrin en in ferlotting.

Der hat jierrenlang sprake fan west dat der in brede skoalle yn Grou komme soe. Dêrom is it opknappen fan it plein op 'e lange baan skood.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)