Bern werom troch burgernet

01 sep 2011 - 10:22

De plysje hat woansdei twa kear bern weromfûn mei help fan burgernet. Oan it begjin fan de middei wiene âlders har soan (2,5) kwyt yn it sintrum fan It Hearrenfean. It bern is yn winkel fûn. Personiel hie him dêr opfongen.

Letter waard op It Fean burgernet ynset om't in mem har soargen makke oer twa jonges (9 en 11) dy't net thús kamen. Troch tips fia burgernet en twitter die bliken dat se by in appartemintekompleks oan de Boargemaster Falkenawei wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)