Bern Wâlterswâld earder frij

02 jul 2007 - 16:10

It bestjoer fan de kristlik nasjonale basisskoalle yn Wâlterswâld hat besletten om de learlingen in wike earder fakânsje te jaan omdat de feilichheid fan de learlingen net mear garandearre wurde kin. De bern fan de skoalle driigje ûnderdiel te wurden fan in konflikt dat op de skoalle spilet.

De emoasjes rinne sa heech op, dat de gemeente besletten hat de bern ien wike earder as pland frij te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)