Bern sûnder sûker folle fitter

31 okt 2014 - 14:03

Nei tsien dagen sûnder sûker fiele de learlingen fan it Dokkinga College yn Dokkum har in stik fitter. Freed wie de lêste dei fan it eksperimint fan biology-dosinte Jessica Jansen. Tsien dagen lang ieten njoggentich twaddeklassers fan de Dokkumer skoalle gjin sûker.

Yn plak fan slap en futleas fielden se har lykwols fitter as foar de tiid. Neffens dosinte Jansen binne de grutte oantallen sûkers dy't de learlingen elke dei binnen krije de oarsaak fan in soad konsintraasje- en sûnensproblemen.

Earder gong de biology-dosinte al de striid oan mei alkohol en smoken ûnder de learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)