Bern St. Paulusskoalle ûnderdak

15 nov 2001 - 00:00

De learlingen fan de Sint Paulusskoalle yn Ljouwert ha lang om let ferfangend ûnderdak krigen. It wie dreech om de bern oant de nijbou earne oars ûnder te bringen. Twa eardere opsjes wiene al ôffallen. De bern wurde no ûnderbrocht op twa skoallen, op trije lokaasjes.

De nijbou hat no fertraging oprûn en sil inkelde tonnen djoerder útfalle. It âlde gebou oan de Julianaleane wurdt sloopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)