Bern spylje 24 game

16 feb 2011 - 17:27

Yn Bûtenpost diene woansdei skoalbern mei oan in 24 game. It spultsje stie yn de jierren njoggentich op de achterkant fan flippo's. Der moat rekkene wurde mei fjouwer sifers om úteinlik op it sifer 24 út te kommen.

Fan 18 skoallen út Noardeast-Fryslân diene inkele tsientallen learlingen mei. Winner fan groep 8 waard Peter Skeels. De skoallen hawwe it evenemint organisearre om de bern better en flugger rekkenjen te learen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)