Bern prate Nederlânsk werom

21 mrt 2013 - 16:59

Frysktalige âlden kinne de Fryske taal mar dreech op harren bern oerbringe. Hieltyd mear bern prate Nederlânsk werom, ek al prate se sels wol Frysk. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang, it SFB.

De taalswierrichheden binne it grutst yn húshâldings dêr't Frysk en Hollânsk praat wurdt. Neffens it SFB soe der mear omtinken foar de Fryske taal wêze moatte by ynstânsjes lykas it konsultaasjeburo, de berne-opfang en it pjutteboartersplak.

In oare oplossing is dat de Nederlânsktalige âlder sa no en dan ek wat Frysk praat of foarlêst. Dat soe it gebrûk fan Frysk by bern ferdûbelje. De taalûntwikkeling is by bern tusken de 0 en 4 jier it grutst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)