Bern prate gjin Stellingwerfs

31 okt 2003 - 00:00

Der binne yn 'e Stellingwerven hast gjin bern mear dy't Stellingwerfs prate. Dat die tongersdei bliken by de presintaasje fan it berneboek Pimmegien op basisskoalle De Tjongeling yn Aldeberkeap. It Stellingwerver boekje wurdt troch de Schrieversronte fergees útdield oan alle 1300 learlingen fan 'e basisskoallen yn 'e Stellingwerven.

In berneboek as Pimmegien is neffens de Schrieversronte hurd nedich om de bern yn kontakt te bringen mei de taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)