Bern op syk nei museumskatten

04 okt 2010 - 13:31
  • Jonge op syk nei syn 'Museumskat' yn Museum Smellingerlân

Tûzenen Fryske skoalbern sille de kommende wiken op syk nei de skatten fan de museumwrâld. Yn it projekt Museumskatsjes kinne de bern fan groep 3 oant en mei 6 yn de kunde komme mei 29 Fryske musea. Yn de musea moatte se op syk nei it foarwurp, stânbyld of skilderij dat sy de grutste skat fine.

It projekt waard moandei iepene yn museum Smellingerlân yn Drachten. It projekt Museumskatsjes rint noch oant 19 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)