Bern op ekskurzje yn natuer

04 nov 2014 - 10:13
  • Nasjonaal Park De Alde Feanen

Twatûzen basisskoallelearlingen út Noardeast Fryslân hawwe yn de hjerst op ekskurzje west yn de natuer. Dat is mooglik makke troch in gearwurking tusken natuer- en miljeu edukaasjesintra De Klyster, NME-Achtkarspelen en NME-Tytsjerksteradiel.

De learlingen binne begelaat troch santjin frijwilligers. Doel is om bern in moaie ûnderfining mei te jaan yn de natuer. It wie dit jier foar it earst mooglik om op ekskurzje te gean yn in oare gemeente. Dêr is in soad gebrûk fan makke.

Bern út Dokkum hawwe bygelyks in hjerstkuier makke yn Oentsjerk en bern út Bûtenpost hawwe beammen snoeid yn De Alde Feanen yn Earnewâld.

Yn de maaitiid wurde ek wer natuerprogramma's opset, ûnder oare by de boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)