'Bern net mei auto nei skoalle'

16 sep 2004 - 14:35

In soad Fryske basisskoallen dogge tongersdei mei oan de aksjedei 'Op Voeten en Fietsen naar School' fan 3VO. Doel is âlden te stimulearjen om bern net mei de auto nei skoalle te bringen. Neffens 3VO is dat sûner foar de bern en better foar de feilichheid by skoallen. Ek moatte bern al op jonge leeftyd leare mei ferkear om te gean.

3VO komt letter mei in aksjedei foar wurknimmers. Dy wurde frege nei it wurk te fytsen yn plak fan de auto te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)