Bern moatte mear nei bûten

18 sep 2009 - 09:13

Skoalbern moatte folle faker nei bûten de natuer yn. Se leare mear oer de natuer fia boekjes en ynternet as dat se sels bûtendoar komme. Dat fine in tal Fryske natuerorganisaasjes, gemeenten, oare maatskiplike organisaasjes en de skoallen sels.

Om derfoar te soargjen dat de skoalbern mear bûten kommen, sette de organisaasjes freed har hanteken ûnder in ôfspraak om dat foar elkoar te krijen: It akkoart fan Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)