Bern meitsje plannen foar grûn

08 maaie 2008 - 10:03

Learlingen fan it Stellingwerf Kolleezje fan Easterwâlde meie fan de gemeente plannen meitsje foar in stikje iepen terrein it doarp. It giet om it projekt ´Plan je eigen ruimte´. De learlingen fan de fiif klassen moasten allinnich rekken hâlde mei de kultuerhistoarje fan it gebiet.

It projekt wurdt betelle út it programma ´Leren voor duurzame ontwikkeling´ van de Vereniging van Natuur en Milieueducatie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)