Bern meitsje brân op Flylân

28 jul 2006 - 13:39

Fjouwer bern tusken 9 en 11 jier ha tongersdei brân feroarsake yn in stik bosk op Flylân. Hûndert kante meter bosk gong ferlern. De bern hiene in hutte boud yn 'e bosk en dêr hearde neffens har ek fjoer by.

Yn in hotel yn de buert hellen se lusifers. Dêrmei stutsen se dinnenullen oan. Doe't de bern it fjoer wer útmeitsje woene, slagge dat net. Yn koarte tiid stie der in stik bosk yn 'e brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)