Bern meie skoalregels betinke

16 nov 2006 - 14:42

Learlingen fan skoallemienskip Singelland yn Burgum meie dizze wike sels de nije skoalregels betinke. It âlde skoalreglemint wie te yngewikkeld en dus moast der wat oars komme.

Alle 300 learlingen ha de ôfrûne fjouwer dagen diskusjearre oer de skoalregels. Elke klasse mei sân regels betinke dy't oernommen wurde yn it nije reglemint. Dat bart yn oerlis mei de dosinten. Tongersdeitejûn wurdt it projekt ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)