Bern mei beheining dogge mei

17 jul 2007 - 20:34

By de 'Kindervakantieweek Jeugdland' yn Ljouwert is dit jier plak foar 40 bern mei in ferstannelike beheining. Al jierren wurde yn de fakânsjewike 300 bern fermakke. Sy kinne spultsjes dwaan, sporte, en knutselje.

Ferline jier wie der in proef mei 9 bern mei in ferstannelike beheining. Dat wie sa'n grut sukses, dat der dit jier plak wêze sil foar 40 bern mei in beheining. De wike is fan 13-17 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)