Bern M'diel swimme no yn Stiens

03 jun 2004 - 00:00

De skoalbern út Menameradiel krije sûnt dizze wike swimles yn it bad fan Stiens. De bern kinne net mear telâne yn swimbad Schatzenburg by Menaam, omdat de gemeente Menameradiel neffens him te let en te min betellet.

Der is no romte fûn yn it bad fan Stiens. It betsjut wol dat de bern op oare tiden as earder skoalswimme. De regeling yn Stiens jildt foar dizze simmer. De ekstra kosten komme foar rekken fan 'e gemeente Menameradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)