Bern krije les yn social media

21 nov 2011 - 13:48

Bern fan groep 7 en 8 fan de Prins Constatijnskoalle yn Ljouwert leare dizze wike hoe't se omgean moatte mei social media. Mei enkêtes, opdrachten en spultsjes, moatte bern bewust wurde fan it gefaar fan sites lykas hyves, twitter en facebook. Neffens de dosint fan de groep, pleatse bern op dit stuit allegear foto's en privee-ynformaasje op ynternet sûnder har bewust te wêze fan de gefaren.

It projekt hjit Mediamasters 2011 en makket diel út fan de Wike fan de Mediawiisheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)