Bern krije les yn lânmjitten

25 aug 2014 - 12:47
  • Skoalwei by de Doniawei yn Damwâld, dêr't in ûndertrochgong komt

Goed 500 skoalbern út de doarpen neist de Sintrale As krije de kommende trije jier lessen lânmjitkunde fan learlingen fan Friese Poort. De oannimmerskombinaasjes en Veilig Verkeer Nederlân hawwe hjir de ôfrune wike in ôfspraak oer makke. Doel is dat de mbo'ers ien kear yn it jier de 23 dielnimmende skoallen besykje en bern les jouwe yn mjitkunde, tekenjen en wiskunde.

De takomstige autobestjoerders bringe ek besites oan projekten dy't te krijen hawwe mei de oanlis fan de nije autodyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)