Bern knappe bibliobus op

09 sep 2010 - 14:15

De bibleteek fan Drachten hâldt yn it ramt fan de berneboekewike in ûntwerpwedstryd. Bern fan 9 oant en mei 13 jier meie de binnenkant fan de bibliobus opknappe. Dy rydt by alle basisskoallen yn de gemeente Smellingerlân del.

Bern meie sels of mei de klasse in ûntwerp meitsje. Dat moat wol passe by it tema fan de berneboekewike. Dat is dit jier 'bylden yn berneboeken'. It winnende ûntwerp wurdt op 6 oktober op de bus spuite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)