Bern kinne mei Freek Vonk troch De Alde Feanen

21 maaie 2015 - 16:23
  • De Alde Feanen yn mei in podcast
  • Der binne twa ferskillende rûtes

Mei Freek Vonk troch de natuer fan De Alde Feanen. Fan tongersdei ôf kin dat. Besikers fan De Alde Feanen kinne tenei ûnder lieding fan de populêre biolooch troch it natuergebiet farre. Yn it ramt fan it projekt Booming Business is der in podcast ûntwikkele, wêryn Vonk fertelt wat er allegear sjocht, heart, fielt en rûkt. De biolooch nimt de besikers mei it wetter op en lit de ferskate biste- en plantesoarten sjen. De podcast is tongersdei offisjeel presintearre.

Der binne twa rûtes. Ien fan twa oeren en ien fan trije oeren. It doel fan de podcast is om foaral bern te belûken by de wurksumheden yn Nasjonaal Park De Alde Feanen. De podcast is fergees te krijen yn de appstore of op de webside fan de Alde Feanen en is in projekt fan de Provinsje, It Fryske Gea en it Wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)