Bern helpe mei cranberrysykjen

24 aug 2012 - 15:07
  • Cranberrys

Op Flylân meie fan 13 septimber ôf oan 'e ein fan it jier ta wer cranberrys rispe wurde. Flylanner middelbereskoallebern sille op de earste dei meihelpe by it cranberrysykjen by Lange Peal. In dei letter is der in feiling fan cranberrys foar in goed doel.

De gemeente hat in ûntheffing ôfjûn foar it sykjen fan de beien. Der binne wol regels ferbûn oan it cranberrysykjen. Sa mei dat allinnich oerdeis barre en moat der perfoarst in saneamde kaambak brûkt wurde. Dejinge dy't de beien siket, moat ek in fergunning hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)