Bern ha leaver groepsterapy

18 feb 2009 - 16:43

Bern fine it leuker om yn in groep behannele te wurden as ien op ien. Dat is ien fan 'e konklúzjes út it tefredensheidsûndersyk fan helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân. Harren bernetraumasintrum yn Ljouwert behannelet bern tusken de fiif en tolve jier dy't mishannele of misbrûkt binne. De bern jouwe as sifer in 9.1. Punt fan krityk is it materiaal dat oan fernijing ta is. In ûnôfhinklik buro hat it ûndersyk útfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)