Bern frij nei stekpartij

31 mrt 2004 - 00:00

Learlingen fan skoalle De Compagnie op It Hearrenfean binne woansdei frij nei oanlieding fan de stekpartij. De praktykskoalle is wol iepen foar learlingen en personielsleden dy't oer it ynsident prate wolle. Meiwurkers fan Buro Slachtofferhelp binne oanwêzich.

It ûndersyk nei de stekpartij giet fierder. De 14-jierrige dieder sit noch fêst. Hy stuts tiisdei in 17-jierrige skoalgenoat mei in mes. Tongersdeitejûn is der in gearkomste foar de âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)