Bern foarop stellen scooter

16 maaie 2013 - 11:13

In 22-jierrige man út Ljouwert is woansdeitemiddei oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in scooter. Hy foel de plysje op yn de Sleedoornstrjitte omdat er in bern foar him op de scooter te stean hie dat gjin helm op hie.

By de oanhâlding die bliken dat de man gjin rydbewiis hie en dat de scooter registrearre stie as stellen. De man is meinaam nei it plysjeburo en dêr ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)