Bern ferwûne yn Peins

07 sep 2013 - 21:44

By in ûngelok op in pleats yn Peins binne sneontejûn twa bern swierferwûne rekke. It giet om in famke fan 8 út Ferwert en in jonkje fan 9 út Peins sels. De bern rekken ferwûne by in ûngelok mei in shovel.

It famke is mei slimme ferwûnings oan 'e skonken mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs fan Grins. It jonkje rekke ek ferwûne oan 'e skonken. Hy leit yn it MCL yn Ljouwert. Wat der krekt bard is, wurdt op it stuit troch de plysje ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)