Bern ferwûne yn Nijlân

29 jul 2007 - 14:17

By in iensidich ûngelok op de Harste yn Snits binne sneon 2 bern út Nijlân (leeftiid ûnbekend) ferwûne rekke. In ynwenner (54) fan Nijlân siet tegearre mei syn twa bern yn in brommobyl.

De man pakte in koekje dat fallen wie, fan de grûn ôf. Hjirtroch ferlear er de macht oer it stjoer en botste tsjin in lantearnepeal. De bern binne mei in ambulânse foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)