Bern ferplicht nei Woudagemaal

15 jun 2010 - 17:44
  • It Woudagemaal

Dykgraaf Paul van Erkelens wol dat elk Frysk skoalbern in kear in besite bringt oan it Woudagemaal op De Lemmer. Hy fynt it fan belang dat bern al betiid meikrije hoe't it lân droech holden wurdt. Troch de klimaatferoarings sil dit yn de takomst hieltyd wichtiger wurde, sa seit de dykgraaf.

De skoalbern kinne dan opfongen wurde yn it nij te bouwen besikerssintrum by it gemaal. Tiisdei is de earste peal fan it besikerssintrum slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)