Bern fermist út wengroepen

16 jan 2005 - 13:35

Yn Ljouwert binne de ôfrûne fiif moanne seis bern ferdwûn út wengroepen. It giet om 4 famkes en 2 jonges. De âldste is 15, de jongste 10. De bern komme út Angola en Taiwan en waarden yn in wengroep opfongen om't se eins it lân wer ferlitte moatte. Ut de azc's fan Drachten en Sint Anne wurde ek noch 4 minderjierrige asylsikers fermist.

It liket oft de bern ynstruksjes krigen ha. Mooglik misbrûke minskehannelers de opfang om bern Europa yn te smokkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)