Bern fermist nei ynsammelaksje

23 jan 2010 - 15:38

Fiif bern ha sneontemiddei even spoarleas west yn Ljouwert. De beppe fan ien fan de bern paste op, mar koe de bern net wer fine neidat se de strjitte op gien wiene om lege flessen foar Haïty op te heljen.

It gie om trije famkes (4, 5 en 9) en twa jonges (9 en 11). De plysje die fuort in oprop fia Burgernet. Net folle letter melden de bern har wer by beppe: se wiene op 'e strún rekke doe't se de flessen ynleverje woene, omdat it te drok wie by de supermerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)