Bern fermist en wer fûn

05 sep 2011 - 10:28

De plysje moast dit wykein twa kear yn aksje komme om in fermist bern te sykjen. Freedtejûn waard op It Amelân socht om in famke fan 15 dat yn 'e war fuortrûn wie. Fia in burgernetaksje waard se al gau weromfûn yn de dunen. Yn Wynjewâld waard sneintejûn en -nacht om in jonge fan 12 socht. Hy hie middeis rúzje hân mei syn âlders.

Doe't er jûns noch net thús wie is der mei man en macht om him socht. Tsjin twaen fannacht waard de jonge fûn op de merkebuorren yn Wynjewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)